Avanti Stiens nei earedivyzje

© Omrop Fryslân
De sealfuotballers fan Avanti binne freedtejûn yn it Sportcentrum Drachten kampioen wurden fan de earste divyzje.
De Stienzers wûnen yn in spannende wedstriid pas nei ferlinging mei 8-5 fan Urk. Nei twa kear 25 minuten spyljen stie der in 4-4 stân op it skoareboerd en dus wie der in ferlinging nedich. Yn de ekstra tiid rûn Avanti út fan 4-4 nei 8-5 en doe koe der feest fierd wurde.