Slachte no offisjele maraton

© Omrop Fryslân
De rûte fan de Slachtemaraton leit fêst. Freed waard fan 'e finish yn Raerd weromriden nei de start by Easterbierrum. In offisjele mjitman fan atletykbûn KNAU fytste mei in apart meterke op 'e fyts it parkoers.
Om de kilometer waard stoppe om in giele streek op de wei te setten. De mjitbefiningen wurde dit wykein ferwurke en dat bestjut dat de slachtemaraton op 14 juny in erkende maraton is.