KNVB Noard is foar topklasse

Distrikt Noard fan de KNVB hat ynstimd
It distrikt Noard fan de KNVB hat ynstimd mei it foarstel foar in topklasse yn it amateurfuotbal. Dy topklasse moat der yn 2009/2010 komme. Yn de nije opset moatte der trije topklassen komme mei sneons- en sneinferienings dy't tsjin elkoar spylje. No binne der op beide dagen noch trije haadklassen.
Op termyn moat promoasje nei en degradaasje út de earste divyzje mooglik wurde. Ein dizze moanne nimt de KNVB in beslút oer de topklasse.