'Bedriuwekontakt-man nedich'

16 maaie 2008 - 07:43

Dongeradiel moat wer in bedriuwekontakt-funksjonaris krije, dy't fanút de gemeente kontakten ûnderhaldt en leit mei besteande en nije ûndernimmers. Dat seine ferskate fraksjes tongersdei yn de kommisje.

Dongeradiel hie sa'n funksjonaris, mar doe't dy der mei ophold is der gjin opfolger kaam. Wethâlder Boersma fûn dat net nedich. De PvdA en de VVD begripe dat net. De funksjonaris kin in brêge slaan tusken bedriuwen en de gemeente, sizze sy.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)