Mobile fûgelhut by Marrum

16 maaie 2008 - 07:38

By natuergebiet Oogvliet by Marrum yn de gemeente Ferwerderadiel stiet sûnt koarten in mobile fûgelhut. Dy stiet op in ûnderstel fan in âlde legerwein út Dútslân. De hut sels is fan hout makke. Dêryn sitte mearder lûkjes fan wêrút fûgels observearre wurde kinne.

Yn de mobile fûgelhut hingje kaarten dy't de flora en fauna beskriuwe. Ek is der in plattegrûn fan it natuergebiet. De hut hat 16.000 euro kostte. De gemeente en sponsoren hawwe dat betelle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)