Readpoatfalken Fochtelderfean

© Omrop Fryslân
Yn it Fochtelderfean binne op it stuit sa'n tritich readpoatfalken. Noch nea earder is sa'n grutte groep fan dy lytse rôffûgelsoart yn Nederlân sjoen. De falken frette de wytsnútlibellen, dy't yn grutte kloften foarkomme yn it Fochtelderfean. Dy binne dêr in soad, no't de wetterstân ferhege is.
De readpoatfalk is in trekfûgel. De groep yn it Fochtelderfean giet nei ferwachting nije wike fuort, nei briedplakken yn East-Europa.