Ierdgas tanke op de eilannen

© Omrop Fryslân
Der komme yn de takomst tankstasjons mei ierdgas op de Fryske Waadeilannen. Dat waard tongersdei bekend by de iepening fan it tankstasjon mei ierdgas yn Drachten. Eksploitant CNG Net wol mei inoar tsien sokke stasjons yn it Noarden ha. Lanlik moatte der oer trije jier 250 wêze.
Boargemaster Middel fan Smellingerlân sei tongersdei dat de gemeente 65 auto's op ierdgas oanskaft. Ride op ierdgas is minder skealik foar it miljeu.