Oerol: al 10.000 kaarten fuort

15 maaie 2008 - 16:04

Yn minder as in wike tiid hat it Oerol-festival al goed 10.000 tagongskaarten ferkocht. Ferline wike sneon begûn de onlineferkeap foar de donateurs fan it festival. Dit jier kinne foar it earst foar hast alle foarstellings kaarten besteld wurde fia it ynternet. Kommende sneon begjint de kaarteferkeap foar alle Oerolbesikers.

Yn tsjinstelling ta ferline jier ferwachtet de Oerolorganisaasje foar dit jier gjin problemen mei de ynternetboekings.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)