Moaie earste dei HT-race

15 maaie 2008 - 13:27

De earste dei fan de HT-sylrace tusken Harns en Skylge is goed ferrûn. Nei twa en in heal oere kaam de earste sylboat al binnen op Skylge. Dat wie de Zilveren Zwaan fan dhr. Bakker út Bergen (Noard-Hollân). Benammen it lêste stik fan de race is swier, om't it tsjin de stream yn is.

Yn totaal dogge 150 syljachten yn acht ferskate kategoryen mei oan de race. Freed farre se werom nei Harns en dan wurdt der in algemien klassemint opmakke fan alle klassen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)