Krityk sintrumplan Hearrenfean

15 maaie 2008 - 12:48

De plannen foar it opknappen fan it sintrum fan It Hearrenfean falle net goed by de ûndernimmers en bewenners yn it gebiet. De gemeente wol yn it sintrum ûnder oare in parkeargaraazje en in kultuerhûs oanlizze. Om dêr plak foar te meitsjen moatte der wenningen en winkels sloopt wurde.

De ûndernimmers en bewenners binne de ôfrûne dagen op de hichte brocht fan de plannen. De ynformaasje dy't de gemeente jûn hat is har lykwols net dúdlik genôch.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)