Enkête jongerein Trynwâlden

Stichting Welzijn Tytsjerksteradiel
Stichting Welzijn Tytsjerksteradiel wol fan de jongerein yn de Trynwâlden witte oft sy yn 'e takomst it gebiet ferlitte sille. Sa'n 700 jongeren tusken de 15 en 21 jier wurdt frege in enkête op ynternet yn te foljen.
De stichting wol mei de útkomsten besykje de úttocht fan jongerein te kearen. Yn de enkête wurdt ûnder oare frege oft de jongeren it nei 't sin ha yn de Trynwâlden en oft se der in soad kontakten ha.