Ungelok by Twizelerheide

© Omrop Fryslân
In ynwenner (41) fan Twizel is woansdeitenacht mei syn auto tsjin in beam riden. De man rekke by Twizelerheide yn 'e berm, ried dêrnei tsjin de beam, fleach doe in sleat oer en kaam ta stilstân op in boerehiem. Neffens de plysje is it in wûnder dat de man it ûngelok oerlibbe hat.
De plysje waard troch in tsjûge op 'e hichte brocht fan it ûngelok. De bestjoerder sels wie fuortrûn. Hy moat noch troch de plysje heard wurde.