Friesland Beef pakt TROS oan

15 maaie 2008 - 09:15

Fleisferkeaper Friesland_Beef lit tsien amtners fan de Voedsel- en Warenautoriteit (VWA) en de Algemene Inspeksjetsjinst AID as tsjûge hearre troch de rjochter-kommissaris yn Amsterdam. Mei de ferklearrings wol Friesland Beef tv-programma Radar twinge ta rektifikaasje.

De TROS soe de fleisferkeaper yn harren útstjoering ûnterjochte yn in kwea deiljocht set ha. Direkteur Visser wol mei de ferklearrings fan ´e amtners in rjochtsaak begjinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)