Jûns fergees parkeare yn Snits

15 maaie 2008 - 09:06

Parkeare yn Snits by_jûntiid bliuwt fergees. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders woe ek foar de jûntiiden betelle parkeare ynfiere, mar de fraksjes fiele dêr neat foar. Dat waard woansdei dúdlik yn de riedskommisje.

It parkearen oerdeis wurdt wol djoerder. Ek op twa terreinen oan ´e râne fan de binnenstêd fan Snits komme parkearmeters te stean. De maatregels moatte de nije parkeargaraazje by de Lemmerdyk finansjeel mooglik meitsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)