Boete foar loko-dykgraaf Kingma

Boete foar loko-dykgraaf Kingma
Loko-dykgraaf Herre_Kingma is troch it algemien bestjoer fan wetterskip Fryslân oansprutsen op it skeinen fan ´e miljeuwet. Kingma waard yn april foar de tredde kear trapearre op it ferkeard besproeien fan in stik greide. It fergif dat it er brûkte, koe dêrtroch yn ´e sleat rinne.
Kingma krige foar it fergryp in boete fan it wetterskip en de AID. It wetterskip hat de oertreding nei bûten brocht omdat de organisaasje de boeren yn Fryslân strang kontrolearret.