KPN-steuring jout problemen

14 maaie 2008 - 11:37

De ynternetsteuring fan KPN en xs4all soarget noch altyd foar in soad problemen by tal fan Fryske bedriuwen. Sa kinne de autobedriuwen de kochte en ferkochte auto´s net mear registrearje en kin Doeksen noch altyd gjin kaartsjes kontrolearje op de boat nei Skylge. Dat moat no mei de hân en dat soarget foar grutte fertraging.

De steuring kostet ek gruthannels dy´t online saken dogge in soad jild. Dit jildt bygelyks foar Klundert yn Drachten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)