Betizing oer busstaking

14 maaie 2008 - 11:17

Net elts is goed op ´e hichte fan de busstakings fan woansdei. Dêrtroch ûntstiet betizing ûnder reizgers. Dat is bygelyks it gefal yn Ljouwert, dêr´t Connexxionsjauffeurs fan ´e stedstsjinst stake, mar kollega´s op ´e linen nei Noard- en Súdwest-Fryslân wol ride Sy falle ûnder in oare cao.

Woansdei stake sjauffeurs yn Ljouwert en dy fan Arriva yn Súdeast-Fryslân. Underhannelings oer har CAO sitte fêst. As de aksje neat úthellet, folgje mear aksjedagen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)