Batavusrace: 3 Protour-ploegen

Batavus Pro Race
Der dogge woansdei 3 Protourploegen mei oan de Batavus_Pro-Race, de eardere profronde fan Fryslân, mar dat moatte der yn de takomst noch folle mear wurde. De organisaasje fan ´e koers wol de ploegen lûke troch mear jild fan sponsors te ynvestearjen yn it ynheljen fan hurdfytsers fan it heechste nivo.
De koers begjint woansdei om 10.30 oere. De 18 ploegen moatte dan 210 kilometer fytse foardat se oankomme by de finish op de Grienewei yn Ljouwert.