Wer hynders op it Noarderleech

Der rinne wer hynders fan boer Piet Lootsma yn it Noarderleech
Der rinne wer hynders fan boer Piet Lootsma yn it Noarderleech by Marrum. Lootsma lit syn hynders op in stik bûtendyks lân rinne dat pacht wurdt troch Pieter Bouma.
It Fryske Gea is as eigner fan it Noarderleech net bliid mei dizze sitewaasje. Ferline jier ferbruts de natoerorganisaasje it pachtkontrakt mei Lootsma om't hy yn oktober pas nei in tal warskôgings syn hynders fan it lân ôfhelle.