Pleach fan dûnsmiggen Iselmar

© Omrop Fryslân
Mei tûzenen tagelyk komme se oer de Iselmar nei de kust. It giet dan om saneamde dûnsmiggen.
Grutte swermen swarte migjes komme troch it waarme waar nei it lân ta. Ferskate badgasten binne al fan it strân flechte doe't se de swarte wolken oankommen seagen. Hans Pietersma, distrikthaad fan it Fryske Gea, tinkt dat it noch wol fjouwer wiken duorje kin ear't de miggen wer fuort binne.