Doeksen hat lêst fan steuring

Doeksen hat lêst fan steuring
Rederij Doeksen hat in soad lêst fan de grutte steuring by de saaklike klanten fan KPN Telecom.
Troch dy steuringen hawwe in soad bedriuwen gjin ynternetferbining. Dêrtroch kinne op de boat fan Skylge gjin kaartsjes kontrolearre wurde. Gewoanwei wurde de boekingsbewizen scand mei in apparaat, no moatte alle gegevens opskreaun wurde. De middeisboat rûn hjirtroch fertraging op.