Provinsje wol Sichuan helpe

13 maaie 2008 - 16:27

Fryslân stiet klear om de Sineeske provinsje Sichuan te helpen, seit deputearre Galema. Mar de gûverneur fan de troch in ierdbeving troffen provinsje moat sels oanjaan hokker help nedich is. Galema tinkt foarearst net oan it oanbieden fan materiële help. Dat soe op it stuit al dien wurde troch de omlizzende lannen.

Ek de Feriene Naasjes soene dêr in rol yn spylje moatte.De provinsje hat tiisdei besocht tillefoanysk kontakt te krijen mei de gûverneur.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)