'Wall of Fame' foar Snits

13 maaie 2008 - 15:02

Nije wike wurdt yn it stedhûs fan Snits de 'Wall of Fame' yn gebrûk naam.

Foar de 'Wall of Fame' waarden ynwenners oproppen om foarwerpen beskikber te stellen út de skiednis fan Snits. Oan dy oprop waard goed gehoar jûn. Sa'n hûndert foarwerpen waarden ynlevere. De foarwerpen binne oan de muorre befêstige. De 'Wall of Fame' wurdt iepene troch boargemaster Brok en in riedslid.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)