Boek oer regels doarpshuzen

© Omrop Fryslân
It wurdt foar bestjoeren fan doarpshuzen hieltyd dreger om it paad te finen yn it gehiel fan regeltsjes en wetten dy't foar harren jilde.
Hoe sit it bygelyks mei de fersekeringen en wat binne no krekt de regels foar de hoareka? In nij boek fan de stifting Doarpswurk dat tiisdei útkomt, moat derby helpe. It boek is gearstald troch Maeike Lok en is de ôfrûne moannen alfêst testen yn doarpshûs it Geahûs yn Garyp.