Oanriding Drachtsterwei

13 maaie 2008 - 11:18

Op de Drachtsterwei by Ljouwert hat moandeitemiddei in oanriding plakfûn.

Dêrby binne twa minsken ferwûne rekke. In 31-jierrige Ljouwerter kaam út de rjochting fan Wergea, mar ferliende gjin foarrang oan in automobilist dy't út de rjochting fan Drachten kaam. De frou út Ljouwert moast troch de brânwacht út har auto helle wurde. In passazjier út de oare auto rekke ek ferwûne. Beide binne oerbrocht nei it MCL.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)