Fernielings skoalle yn Snits

13 maaie 2008 - 11:09

By in ynbraak yn basisskoalle De Vuurvlinder oan it Kaatsland yn Snits binne moandei ferskate saken fernield.

Fan in lokaal waard in rút stikken slein. Yn de skoalle waarden boekekasten en taffeltsjes leechhelle. De ynhâld waard oer de grûn ferspraad. Op it skoalplein waarden ferskillende reinpipen fernield. It is net dúdlik at der ek wat stellen is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)