Poalske spookrider oanhâlden

© Omrop Fryslân
De plysje hat yn de nacht fan moandei op tiisdei in Poalske spookrider oanhâlden op de A31 by Skalsum.
De spookrider wie earder troch in oare automobilist sjoen. Dy warskôge dêrop de plysje. De aginten troffen de Poal oan yn de middenberm fan de A31 by Skalsum. Nei in blaastest op it plysjeburo die bliken dat de man tefolle dronken hie. Syn rydbewiis is ynnommen en der is proses-ferbaal opmakke.