Fytsalvestêdetocht grut feest

De fytsalvestêdetocht wie pinkstermoandei ien grut feest.
De fytsalvestêdetocht hat pinkstermoandei folop profiteard fan it moaie waar.
Foar de fytsers wie it troch de sinne en de swakke wyn goed te dwaan. It publyk bleau troch it moaie waar oant let yn de jûn lâns de rûte stean om de fytsers oan te moedigjen. It foel de organisaasje wol op dat in grut tal fytsers it materiaal net goed yn oarder hiene. Troch de geunstige omstannichheden wie it tal útfallers dit jier bysûnder lyts.