Hearrenfean spilet yn UEFA Cup

12 maaie 2008 - 16:43

Sportklub Hearrenfean spilet takom seizoen yn de UEFA Cup. De ploech spile moandei yn Breda mei 2-2 lyk tsjin NAC. Hearrenfean kaam yn de earste helte op in 1-0 efterstân troch in doelpunt fan Idabdelhay. Noch foar it skoft makke Gerald Sibon út in frije traap de lykmakker: 1-1.

Gerald Sibon soarge yn de twadde helte ek foar de 2-1 foarsprong foar de Feansters. Rogier Veenstra makke yn de 85e minút de lykmakker, mar fierder kaam de ploech út Breda net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)