Fytspaad Blessum iepene

12 maaie 2008 - 15:54

Blessum is net langer mear in dearinnend doarp. Troch de oanlis fan in fytspaad nei it buorskip Hoptille binne se net mear ôfsletten. It nije fytspaad is feestlik iepene troch bewenners út beide doarpen.

Ut elk doarp rûnen de bewenners mei in reade tried it fytspaad ôf yn de rjochting fan in brechje oer de Hilaarderfeart. Op 'e brêge binne beide úteinen oan elkoar knope.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)