Ungelok yn Tsjalbert

© Omrop Fryslân
In man fan 54 jier út Tsjalbert is sneintemiddei ferwûne rekke by in ûngelok yn syn wenplak. It slachtoffer ried op syn motor troch it doarp en moast yn de remmen foar in famke fan fiif jier dat ynienen op har fyts de dyk oerstuts.
De motorrider gong ûnderút. Hy rekke ferwûne oan it gesicht en de knibbels. De man waard mei de ambulânse nei it sikehûs oerbrocht. It famke mankearre neat.