Ekstra drokte by Dokterswacht

Soad ekstra helpfragen by Dokterswacht
It hite Pinksterwykein besoarget de Dokterswacht in soad ekstra wurk: der komme hast 20 persint mear helpfragen binnen as yn in gewoan wykein. Foaral in soad bern wurde binnenbrocht, mei sinnestek, snijwûnen yn de bleate fuotten en nei falpartijen fan trampolines.
Bern wurde net goed genôch ynsmard en krije net genôch te drinken, falt de meiwurkers fan de Dokterswacht op. De drokte kin liede ta wachttiden, ek al binne der ekstra minsken oan it wurk.