Rekalsitrante brommerrider

12 maaie 2008 - 13:17

De plysje hat yn de nacht nei moandei yn Drachten in rekalsitrante brommerrider oanholden. De man hie fierstente folle dronken. De Drachtster (21) foel op omdat er hurd oer de Noardkade ried.

Pas nei in achterfolging koe de plysje him oanhâlde, mar hy woe net meiwurkje oan in kontrôle. Nei in koarte wrakseling waard er yn de boeien slein en nei it buro brocht. De man hie gjin brommerrydbewiis, hie tefolle drank op en krige ek in bon foar mislediging.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)