Stroomsteuring yn Dokkum

Dokkum skoftke sûnder stroom
1900 Húshâldens yn Dokkum ha snein in skoftke sûnder stroom sitten. Dat kaam troch in stikkene stroomkabel. Wat dêr de oarsaak fan west hat, is noch net bekend.
Enerzjyleveransier Nuon hat de húshâldens fia in oare kabel stroom levere. De stroomsteuring begûn middeis om in oere as healwei fjouweren. De lêste húshâldens hiene om tien minuten oer fiven wer stroom.