Oplieding op fleanbasis

12 maaie 2008 - 12:19

Fyftjin F16-piloaten begjinne tiisdei op de fleanbasis yn Ljouwert mei in oplieding ta wapenynstrukteur. Oan de oplieding wurdt meidien troch piloaten út fiif lannen. Njonken Nederlân giet it om Noarwegen, België, Denemarken en Portugal.

De oplieding bestiet út in teoretysk diel. Ek wurdt der flein. Dat wurdt dien boppe de fleanbasis yn Ljouwert en boppe Noarwegen. Doel fan de oplieding is om piloaten nije techniken oer wapens by te bringen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)