Sjoerd Hamburger nei Peking

11 maaie 2008 - 09:42

Roeier Sjoerd Hamburger fan Aldeberkeap kin de Olympyske koffers foar Peking ynpakke. De skiffeur helle snein yn de B-finale by de wrâldbekerwedstriden yn München in twadde plak. De Sloveen Iztok Cop wûn de B-finale en wie goed trije sekonden rapper.

Yn totaal waard Hamburger achtste en mei dat resultaat liet hy foarmbehâld sjen. Sjoerd Hamburger hie al in nominaasje foar de Olympyske Spelen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)