Sirkus pakt aksjefierders oan

11 maaie 2008 - 08:28

Aksjefierders fan de organisaasje Respect voor Dieren binne sneontejûn fan it terrein fan sirkus Renz Berlin yn Appelskea set. It sirkus woe net ha dat se flyers útdielden tsjin it brûken fan wylde bisten yn it sirkus.

De aksjefierders sizze dat se slein binne troch meiwurkers fan it sirkus, neffens it sirkus is der allinne treaun. De plysje hat it sirkus oansprutsen op de aksje, omdat der gjin ferbod is op it aksjefieren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)