Henk Schievink wint ljepperij

Henk Schievink hat sneontejûn yn Burgum de earste fierljepperij fan it nije seizoen wûn. De âld-Burgumer, no Ljouwerter, sprong 18.59 meter. Ysbrand Galama waard twadde mei 18.25, Bart Helmholt tredde mei 18.13. De oerwinning by de froulju wie foar Anna-Jet Leyenaar fan Snits mei 14.29.
By de jonges wie debutant Hans Ulco de Boer fan De Jutryp de grutte man. Fjouwer kear ferbettere hy syn pr. Syn fierste ôfstân: 15.28. Jacob Scherjon wûn it by de junioaren mei 17.42.