Partoer Wytmarsum kampioen
Wytmarsum is sneon yn Frjentsjer Nederlânsk kampioen by de junioaren wurden. De keatsers fan Wytmarsum binne Klaas de Vries, Jacob Zaagemans en Gert Jan Meekma. Se wûnen yn de finale mei 5-0 en 6-4 fan Wommels mei Jort Strikwerda, Erik Haitsma en Redmer Strikwerda. It partoer fan Wytmarsum wie yn it foar al favoryt.
De lytse preemjes wiene foar Boalsert en Tsjummearum.