Drachtster slein; tsjûge socht

10 maaie 2008 - 15:18

In 26-jierrige man út Drachten is freedtejûn mishannele yn syn wenplak. It slachtoffer fytste by it terras lâns fan in kroech oan de Noardkade. In man dy't op it terras begûn de Drachtster út te skellen. Dy stapte fan syn fyts en frege wêr't dat op sloech. Dêrop krige er in fûstslach yn it gesicht.

De man rekke ferwûne en warskôge de plysje. Dy hat noch nei de dieder socht, mar de man wie al útnaaid. De plysje is op syk nei tsjûgen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)