Ljouwerter slacht mei hingslot

10 maaie 2008 - 15:15

By in fjochtpartij op de Grinzerstrjitwei in Ljouwert hat de plysje freedtenacht in 23-jierrige Ljouwerter oanhâlden. Hy hie in persoan meardere kearen mei in hingslot op 'e holle slein. De plysje hat de fjochtpartij útinoarhelle en de fertochte oppakt.

It slachtoffer is mei in slimme ferwûning oan de holle nei it sikehûs brocht. De kâns is grut dat noch mear minsken oanhâlden wurde yn dizze saak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)