Brân filme foar opname Bit

10 maaie 2008 - 14:00

De opnamen fan Bit binne begûn. Bit is de nije Omrop Fryslân-dramarige fan Steven de Jong. Freedtenacht waard in grut spektakel filme. Mei in stuntteam waard by in pleats yn Hartwert in brân yn sêne set. Akteur Joop Wittermans moast yn aksje komme.

Bit is in hynstedrama en giet oer twa rivalisearjende hynstefamyljes dy't yn fûle striid binne om hynders en Fryske grûn. Earder makke De Jong de searsjes Baas Boppe Baas en Dankert & Dankert foar Omrop Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)