Nei Amearika troch artikel

10 maaie 2008 - 12:29

Twa learlingen fan it kristlik gymnasium yn Ljouwert ha in reis wûn nei Amearika. Marjolein Volkers en Geerte Baars skreaunen in artikel yn de skoalkrante.

Se wiene mei redakteuren fan 19 oare skoalkranten útnoege foar in parsekonferinsje oer miljeufreonliker fleanen fan KLM. En har stik wie it bêste. Marjolein en Geerte winne dêrmei in besite by in fabryk fan Boeing yn Seattle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)