'Steat oankleie om slachterij'

09 maaie 2008 - 17:10

Fakbûn de Unie is fan doel om de steat oan te kleien fanwege de útlittings fan minister Gerda Verburg oer Friesland Vlees. Neffens de Unie hawwe de opmerkings in lytse ramp feroarsake yn Fryslân.

De Unie ropt de slachterij, boeren, de feemerk en transportbedriuwen op om harren te melden, sadat se meiïnoar aksje ûndernimme kinne. Friesland Vlees hat oankundige slute te moatten, omdat der hast gjin fee mear oanfierd wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)