Sulejmani net ûnder it mes

09 maaie 2008 - 15:40

De Servyske revelaasje fan it ôfrûne fuotbalseizoen Miralem Sulejmani giet dochs net ûnder it mes. Yn de lêste kompetysjewedstriid tsjin Excelsior rekke de Hearrenfean-oanfaller blessearre oan de knibbel. Hy soe hjirfoar opereard wurde, mar yn oerlis tusken spiler, klub en medyske stêf is no keazen foar in 'konservative oanpak'.

Sulejmani krijt earst in pear wike rêst. Oer in moanne wurdt op 'e nij besjoen hoe't it liket mei de knibbel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)