Spoeddebat oer enerzjysintrale

09 maaie 2008 - 12:38

Yn provinsjale steaten moat op 'e nij praat wurde oer de nije reststoffenenerzjysintrale yn Harns. GrienLinks wol dêroer takom wike woansdei in ynterpellaasje oanfreegje. In ynterpellaasje is in soarte fan spoeddebat.

De partij makket him grutte soargen oer it bouprojekt, omdat in gloednije sintrale yn Amsterdam krekt stillein is. De sintrale dêr hat te meitsjen mei fersakkingen. GrienLinks tinkt dat soks yn Harns ek barre kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)