Deade podden troch fandalen

09 maaie 2008 - 12:35

Natuerbeskermers dy't podden beskermje binne skokt troch fernielings fan fandalen. Dy hawwe in saneamde geleidingswand fernield dy't podden en kikkerts helpt om feilich de dyk oer te stekken. De wand moat de podden nei amers ta liede, dy't frijwilligers oan de oare kant fan de dyk leegje.

De wand stie lâns de Poastwei by Olterterp. Sûnder de wand wurde der folle mear podden en kikkerts deariden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)