Ferwûne troch losse oanhinger

09 maaie 2008 - 10:11

In 6-jierrich famke út Easterwâlde is tongersdei ferwûne rekke by in ûngelok op de Mûnewei yn har wenplak. In man (50) út Easterwâlde ried mei syn auto mei oanhingwein oer de Brinkstrjitte doe't de oanhinger los rekke. De wein fleach it fytspaad op, dêr't krekt it famke fytste.

It famke krige de oanhingwein fol tsjin har oan en rekke swier ferwûne oan har skonken. Se is oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)