Dief hâldt nije klean oan

09 maaie 2008 - 10:08

In 18-jierrige man út Dokkum is tongersdeitejûn oanhâlden op de Nijstêd yn Ljouwert foar winkeldieverij. Hy hie klean stellen út de winkel en hie dy oandien ûnder syn eigen klean. Doe't er de winkel útrûn gong it alaarm ôf.

De man naaide hurd út, mar it winkelpersoniel gong efter him oan. Dy krigen him úteinliks ek te pakken en hy waard oerdroegen oan de plysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)