Brêgespringers fan brêge helle

09 maaie 2008 - 10:06

De plysje hat tongersdeitemiddei in tal jongeren fan 12, 13 en 14 jier âld fan de brêge by Warkum helle. Se sprongen fan de brêge ôf, wylst dêr ek gewoan boatsjes foarbykamen. In omstander hie harren der al op oansprutsen, mar dêr lutsen se harren neat fan oan.

De plysje hat doe de jongens fan de brêge en út it wetter helle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)